Toanielferiening Fleurich Fierder spilet op 13 oktober har earste ùtfiering fan it blijpsul

“Herrie op de Prairie”

yn kafee De Âlde Slûs om 20.00 oere

Oer it stik:

Sjitterijen, bedriegingen, ôfparsingen, it binne allegear igenskappen fan in western sa as jo dat op’e tillefizje sjuche. Inderdaad, op’e tillefizje… Yn it echt giet it er fansels net sa oan ta… Jaa, er wurd wol ris skeaten, en er wurd ek wol ris ien ûntfierd, mar de knulliche cowboys litte se faak bûten de skermen…

Ik lit jim graach ris sjen hoe’t it er no echt oan ta giet. Nim no byfoarbield myn kameraad Bob. Hy hat in Saloon, in saak dy’t hiel lang poer bêst rûn hat, mar de lêste tiid ferdampt de whiskey earder ût’e flesse dan dat it by de minsken troch de kiel glied.. De ienichste dy hjir noch oer de flier komt, dat bin ik.. Ja en fansels ûs Herrie….  Mar dy sloopt hjir mear dan dat hy betellet… Ien gelok, der is hjir de lêste tiid wat jild yn omrin.

Earlik jild is it net hielendal, it is nammelik stellen by de bank hjir om’e hoeke, mar dêr meitsje sy hjir net sa’n heibel om… Ien probleem is wol, nimmen wit wêr it is.. Al ha ik wol in fermoeden wa’t er wat mei te krijen hat.. Mar dêr ha wy it noch wol ris oer..

Ien ding stiet fêst, no dat der wêr in nije sheriff yn oantocht is, sil der wer wat aksje yn dit stêdzje komme! Hopelik hat dizze fint wol wat mear yn’e bonken as dy foariche…